Earst begripe, dan bouwe.
Foardat wy wat bouwe, witte wy hoe't dyn bedriuw wurket en wat dyn website en systemen opleverje moatte. Dêrnei bouwe wy yn fjouwer stappen, en do witst altyd wêr't do oan ta bist.
Sa wurkje wy, yn fjouwer stappen.
Wy pakke it wichtichste stik as earste oan. Sa hast gau wat dat wurket, en bouwe wy dêrnei stap foar stap fierder.
-
Krij oersjoch
Untdek wêr't tiid ferlern giet, wêr't automatisearring lont en wat jo just mei de hân hâlde moatte.
-
Krij in dúdlik plan
Jo sjogge hoe't webside, data en prosessen aanst gearwurkje, foardat der wat boud wurdt.
-
Krij wat dat wurket
It wichtichste stik wurket earst. Dêrnei bouwe wy stap foar stap fierder.
-
Gean live en groei troch
Gean live mei in mjitbere basis, sels te beheare en út te wreidzjen.
In website op maat begjint by € 695 ienmalich, eksl. btw. Alle prizen op in rige
Dyn data stiet by us, en do kinst altyd fuort.
Wat wy bouwe, beheare wy ek sels. Giet der wat mis, dan gripe wy sels yn, sûnder datsto in oare partij belje moatst. En wat wy foar dy bouwe bliuwt fan dy: wolsto ea fuort, dan nimsto alles mei.
- Updates, back-ups en tafersjoch regelje wy
- Dyn domeinen binne en bliuwe fan dy
- Gieste fuort, dan krijst databank, boarnekoade en mailboksen mei
- Dat sprekke wy foarof of, net pas ast fuortgiest
Wy sizze ek nee.
Wy automatisearje in soad, mar sizze nee as it kontakt mei dyn klant of in ôfwaging by in minske heart.
Sille wy kennismeitsje?
- Do fertelst wat do dochst en wêr't it no knypt.
- Do hearst foarôf wat wy wol en net foar dy dogge, en wat it kostet.
- Dêrnei bouwe wy dyn systeem, yn ien kear of stap foar stap.
Do sprekst Lloyd. Sûnder ferplichting. Wy reagearje meastal binnen ien wurkdei.