Alle tsjinsten
Fûn en keazen

Fûn wurde, en dan ek keazen wurde.

In website dy't gjinien fynt, jout neat op. In website dy't wol fûn wurdt mar dêr't gjinien wat oanfreget, ek net. Wy soargje foar beide: dat Google en AI-antwurdmasines dy fine, dat der teksten steane dy't dyn klant oanspreke, en dat in besiker maklik kontakt opnimt. Gjin advertinsjes of kampanjes, mar technyk en struktuer.

Werkenber

Wannear't dizze side krekt rekket.

  • Do bist goed yn dyn fak, mar yn Google steesto op side trije.
  • Der stiet al jierren deselde tekst op dyn website, en gjinien hat tiid om wat nijs te skriuwen.
  • Der komme wol besikers, mar hast gjinien belt of folt it formulier yn.
Resultaat

Watst nei oplevering yn hannen hast.

  • In website dy't Google en AI-antwurdmasines goed begripe.
  • Siden en artikels oer de fragen dy't dyn klanten echt stelle.
  • In website dêr't in besiker sûnder sykjen sjocht hoe't er kontakt opnimt.
Spesjalisaasjes

Wat wy foar dy dogge.

  • SEO en GEO

    Wy soargje dat dyn website fluch is en goed yn inoar sit, en dat sykmasines krekt begripe wat do dochst en wêr. Sa komst do heger yn Google en wurdsto neamd as immen it oan ChatGPT of in oare AI freget.

  • Ynhâldsproduksje

    Wy skriuwe artikels foar dyn website en meitsje der ôfbyldings en fideo by, mei help fan AI. Ien fan ús sjocht altyd mei foardat der wat online giet. Do leverest de kennis fan dyn fak, wy meitsje dêr ynhâld fan dy't fûn wurdt.

  • Konverzjeoptimalisaasje

    Wy sjogge wêr't besikers ôfhakke en meitsje de stap nei kontakt lytser: in dúdlike knop, in koart formulier, dyn telefoannûmer op it goede plak. Sa jout deselde besite mear oanfragen op.

Oplevering

Konkreet levere, sûnder losse eintsjes.

  • In kontrôle fan dyn website: wat Google sjocht, wat der ûntbrekt en wêr't besikers ôfhakke.
  • In technysk fundamint dêr't sykmasines en AI-antwurdmasines mei út 'e fuotten kinne.
  • Nije of ferbettere siden en artikels om de sykfragen fan dyn klanten hinne.
  • In dúdlike rûte fan besite nei oanfraach, en mjitte wat it opsleat.
Oanpak

In proses dat fluch dúdlikens jout.

  1. Wy sjogge hoe't dyn website der no foar stiet en wêr't dyn klanten op sykje.

  2. Wy kieze de siden dy't it measte opsmite, en begjinne dêr.

  3. Wy ferbetterje de technyk, de teksten en de wei nei kontakt.

  4. Wy mjitte wat der feroaret en stjoere by.

FAQ

Faak stelde fragen.

Is dit itselde as online advertearje?

Nee. Wy dogge gjin advertinsjes, kampanjes of sosjale media. Technyske marketing giet oer dyn eigen website: dat er fûn wurdt, dat de teksten kloppe en dat besikers kontakt opnimme.

Wat is GEO?

GEO stiet foar generative engine optimization. Hieltyd mear minsken stelle har fraach oan ChatGPT of in oare AI yn plak fan oan Google. GEO soarget dat dyn bedriuw yn dy antwurden neamd wurdt.

Skriuwt AI dan myn teksten?

AI helpt ús flugger en noch better te skriuwen. Dêrby hâlde wy rekken mei de nije, ûnsichtbere “wettermerken” dy't AI-programma's yn teksten en ôfbyldings ferwurkje. Ek meitsje wy ôfbyldings en fideo, mar ien fan ús sjocht altyd mei en wy oerlisse earst mei dy foardat der wat online giet. De kennis komt fan dy: do wytst faak better hokker fragen dyn klanten stelle.

Hoe fluch sjochst resultaat?

In dúdlikere knop of in koarter formulier merkst faak fluch. Heger komme yn Google duorret meastal wiken oant moannen. Dat hinget ôf fan ferskate dingen, lykas hoe goed dyn website presteart en hoefolle autoriteit dyn website by Google hat. It komt dus grif net fansels, mar it hat wol efkes tiid nedich.

Kinne jimme ek in besteande website ferbetterje?

Ja. Wy sjogge earst wat der al stiet en ferbetterje doelrjochte wat it measte opsmyt.

Wat moat ik sels oanlevere?

Hast noch gjin website? Dan net safolle, allinne dyn tiid en ynformaasje oer dyn bedriuw. Dan beprate wy tegearre wat do echt nedich hast. Hast al in website? Dan tagong ta dyn website en, as do dy hast, ta Google Search Console. En fansels dyn kennis fan dyn fak: goede ynhâld skriuwe wy tegearre, om't do wytst hokker fragen dyn klanten stelle en wat do sjen litte wolst.

Technyske marketing
Fierder sjen

Besibbe tsjinsten.